'FEC krijt te min oerheidsjild'

© Omrop Fryslân
De provinsje soe him mear ynsette moatte foar it FEC. Dat fynt direkteur De Jong. De Jong neamt de ferhâlding by it ferpartsjen fan 'e subsydzjes skeef. It Noardlik gearwurkingsferbân SNN hat de Martinihallen yn Grins 8 miljoen euro jûn. De oanfraach fan it FEC is noch hyltiten net behannele.
De bou fan in fiifstjerrehotel by it FEC rint no fertraging op. De Jong wol dat de Fryske polityk him ynset om jild fan it SNN nei Ljouwert te heljen.