Liemburg docht net mei oan aksje

© Omrop Fryslân
Boargemaster Liemburg fan Littenseradiel docht net mei oan de aksje op it Provinsjehûs foar de slachtoffers fan Azië. Kommende tongersdei sille pommeranten bedriuwen en ynstellings belje om jild te freegjen foar giro 555.
Liemburg warskôget foar in 'aktuele overkill'. Ek wol se de ûndernimmers yn har gemeente net ûnder druk sette. Boppedat binne der genôch oare rampen dêr't nimmen foar yn de bûse taast.