Nije miljeustrjitte Snits

04 jan 2005 - 18:20

De nije miljeustrjitte fan Snits moat in ein meitsje oan it ôffaltoerisme yn de gemeente. Besikers moatte har by de nije strjitte tenei legitimearje. Sa moat it yllegaal stoarten foarkommen wurde.

Alle ynwenners kinne ien kear yn de moanne fergees mei har guod nei it stoart. Minsken dy't faker komme òf minsken út oare gemeenten moatte betelje. By de nije miljeustrjitte kin it ôffal ek better skieden wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)