Flink mear winst Friese Pers

© Omrop Fryslân
Utjouwerij Friese Pers hat oer 2004 flink mear winst helle as oer it jier dêrfoar. It resultaat wie mei hast 10 miljoen euro hast in miljoen heger as oer 2003. De Friese Pers jout de Ljouwerter Krante út. De hegere winst komt benammen troch de taname fan it tal kleure-advertinsjes.
Supermerken as Aldi en Lidl brûkten foarhinne swart-wyt-advertinsjes. It lêste jier binne dy bedriuwen beide oergien op advertinsjes yn full colour.