'Anonime ynfo foar útsetting'

04 jan 2005 - 14:13

De gemeente Ljouwert hat besocht op basis fan allinnich anonime klachten twa bewenners fan in flat oan de Annie Westlandstrjitte út te setten. Dat seit de advokaat fan de twa manlju, Riemer Riemersma.

Neffens boargemaster Dales is de beskuldiging ûnsin. Om privacyredenen binne de nammen fan de kleiers achterhâlden. Boppedat sit der ek in proses-ferbaal fan de plysje yn it dossier.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)