'Wâlden gjin nasjonaal lânskip'

04 jan 2005 - 13:46

De Wâlden moatte perfoarst gjin saneamd Nationaal Landschap wurde. Dat fynt boargemaster Lyklema fan Achtkarspelen.

In Nationaal Landschap is in gebiet dat troch it Ryk oanwiisd wurdt, en dêr't de natuer foarrang krijt boppe de ekonomy. Lyklema is benaud dat de bedriuwichheid op slot komt en dat ek net genôch romte oerbliuwt foar de needsaaklike wenningbou, rekreaasje en toerisme. Ien en oar giet ten koste fan de leefberheid, sa stelt Lyklema.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)