Gemeenten jouwe euro de ynwenner

04 jan 2005 - 13:39

De gemeente Achtkarspelen stoart per ynwenner 1 euro op giro 555 foar de slachtoffers fan de ramp yn Azië. Dat komt del op in bedrach fan goed 28.000 euro. Boargemaster Lyklema fan Achtkarspelen ropt syn buorgemeenten yn noardeast- Fryslân op itselde te dwaan. As dy dat ek dogge, komt it meiïnoar del op in bedrach fan 100.000 euro.

Ek de gemeenten Menameradiel, Snits, Harns, Nijefurd, Smellingerlân en Kollumerlân jouwe 1 euro per ynwenner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)