Minder kafees en snackbars

04 jan 2005 - 07:05

It tal kafees en snackbars yn Fryslân is de ôfrûne tsien jier flink ôfnaam. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Buro voor de Statistiek. It tal kafees is mei gemiddeld fiif prosint ôfnaam. It tal snackbars is mei njoggen prosint weromgien.

Lanlik sjoen komt Fryslân der goed ôf. Oer it hiele lân besjoen is de ôfrûne tsien jier it tal kafees mei gemiddeld 17 prosint en it tal snackbars mei gemiddeld 15 prosint ôfnaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)