Anne Kies út Dakar-rally

04 jan 2005 - 06:33
Foto: Omrop Fryslân

Anne Kies is út de Dakar-rally. Troch in mankemint oan de motor koe de Appelskeaster net fierder. Yn de tredde etappe tusken Barcelona en Granada kaam de Mercedes-frachtwein nei 500 kilometer ta stilstân. Trochdat it team gjin reservemotor mei hie, koe de frachtwein net fierder.

Kies ried yn de klasse foar servicefrachtweinen. Hy sil no besykje it team te achterheljen om sa de rest fan it team technysk te stypjen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)