Minder bern nei berneopfang

© Omrop Fryslân
Ien op de tsien bern kinne net mear nei de berneopfang yn Ljouwert. Neffens direkteur Van Hall fan de SKL is de ôfname tsien persint. Dat komt troch de nije Wet foar Berne-opfang dy't ien jannewaris yngien is.
Klanten moatte no sels in fergoeding fan de wurkjouwer en de oerheid regelje. Dêrtroch wurdt it in gruttere romslomp foar de klanten. Boppedat is foar in part fan 'e minsken de premy omheech gien.