Skearnegoutum:6000 euro oan Azië

© Omrop Fryslân
Yn Skearnegoutum is âldjiersjûn seistûzen euro ophelle foar de slachtoffers fan de seebeving yn Azië. De aksje is yn koarte tiid op tou set. Op tongersdei is der in mailing ferspraat, dêr't yn stie dat der kollektearre wurde soe.
Fjirtich kollektanten hawwe âldjiersjûn by de doarren del west. De tsjerkklokken fan Skearnegoutum hawwe in heal oere lang let, by wize fan needklok.