Nominaasje Tytsjerksteradiel
De gemeente Tytsjerksteradiel is mei in projekt tsjin seksueel geweld en bernemishanneling nominearre foar de lanlike Jan Brouwer-priis. Dat is in stimulearingspriis foar fernijende inisjativen om bernemishanneling foar te kommen of oan te pakken.
Tytsjerksteradiel jout foarljochting oan heiten en memmen, en lieding en learkrêften yn de berne-opfang, pjutteboartersplakken en it ûnderwiis om mishanling op tiid te sinjalearen.
Trefwurden:
argyf