Bierfiltsje feild foar Azië

© Omrop Fryslân
De Lionsclub fan Wolvegea hat dit wykein in bierfiltsje feild. Dat hat twatûzen euro opbrocht. It bedrach giet nei it fûns foar help oan de slachtoffers fan de seebeving yn Azië.
It giet om in bysûnder bierfiltsje. Freonen fan in lid fan de Lionsclub hiene it filtsje meinommen op har fakânsje nei Sri Lanka. Dêr makken sy de tsunami mei. Nei de ramp fûnen se in part fan har bagaazje werom op it strân. Dêr siet it bierfiltsje ek by.