Mear besikers by Aquazoo

03 jan 2005 - 11:09

Bistetún Aquazoo by Ljouwert hat yn 2004 in rekôr tal besikers lutsen. Mar leafst 100.000 minsken brochten in besite, 25.000 mear as yn 2003. Redenen hjirfoar binne de tanommen bekendheid fan Aquazoo en it tal bysûndere bisten.

Populêrste attraksje binne de seebearen, in soart dy't de bistetún as iennige yn Nederlân hat. Sûnt sneon is Aquazoo offisjeel lid fan de Nederlandse Vereniging van Dierentuinen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)