Seehûn Jannes nei Aldeberkeap

02 jan 2005 - 12:41

De âldjiersploegen hawwe ek dit jier wer oan it tôgjen west. Aldjiersploech de Geitefok fan Aldeberkeap hat him nijjiersmoarn meld as kidnapper fan de houten seehûn Jannes by de seehûnekresj yn Pieterburen. De houten seehûn hjit eins gjin Jannes, mar is neamd nei Hannes. Dat wie de Dútske seehûn dêr't yn 2004 sa folle om te rêden wie.

De nijjiersploech fan Nyegea helle in pomp fan De Jouwer as protest tsjin de ferheging fan de wetterskipslesten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)