Suwâld wol wer Alvestêdetocht

© Omrop Fryslân
Leden fan Aldjiersferiening It Pypke út Suwâld ha fan alle alve stêden in plaknammeboerd meinommen. Omdat der sûnt 1997 gjin Alvestêdetocht op redens west hat, fûnen de leden it heech tiid foar de stêden om byelkoar te kommen. Sy soene de situaasje besprekke moatte.
De Vesuviusklup út Elslo moast it even rêstich oan dwaan fan de rjochter, mar no koe it wer. Sy hoopje lok nei Elslo brocht te hawwen mei de ferhuzing fan in grut hoefizer út Wolvegea wei.