Fryske Top 100: 25.000 stimmen

© Omrop Fryslân
Foar de earste Fryske Top 100 binne mear as 25.000 stimmen binnenkommen. Dat is in soad, want foar de Fryske Top 40 fan 2003 wiene dat der noch 6.000. Lykas ferline jier stiet Marije Maria fan Reboelje wer op nûmer ien.
De Fryske Top 100 wurdt útstjoerd op radio en televyzje. Fan 'e mooglikheid om te sms'en waard drok gebrûk makke; de server fan 'e omrop rûn al twa kear fêst. Gerrit Breteler fan Nes is op nûmer tolve de heechste nijkommer.