Yildirum better as Zidane

01 jan 2005 - 14:47

Ugur Yildirum fan Sportklub Hearrenfean hat yn Spanje de Free-kick-Master wûn. De Free-kick-Master is in toernoai dêr't de bêste frije-traap-spesjalisten fan Europa oan meidogge. De dielnimmers nimme hjirby frije trapen fan 18, 21 en 25 meter ôfstân. Yildirim waard yn 'e finale de ôftekene winner.

Yildirim liet ûnder oaren in wrâldtopper as Zinedine Zidane fan Real Madrid achter him. Yildirim wûn in auto mei syn traaptechnyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)