Oaljekoekekream even poater

© Omrop Fryslân
Yn 'e nacht fan tongersdei op freed ferdwûn de oaljekoekekream fan Sint Anne. Op it plak dêr't de kream stie hiene de dieders wol in briefke achterlitten. Op it briefke stie dat it om in âldjiersstunt wie en dat de kream nei de ôffalbult tôge wie.
De kream waard dêr yndie weromfûn, mar net sûnder skea. It fet lei oer de flier en de moalsekken wiene omfallen. De eigner (49) fan 'e kream wie dan ek min te sprekken oer dizze 'fyt'.