Halt-buro straft 130 jongeren

01 jan 2005 - 13:59
Foto: Omrop Fryslân

It buro-Halt hat al sa'n 130 Fryske jongeren in alternative straf oplein, omdat se har net oan de regels foar it ôfstekken fan fjoerwurk hâldden. Dat tal leit no al in stik heger as it tal jongeren dat ferline jier in straf krige; doe wiene it der sa'n 100. It giet om wurkstraffen, lykas it opromjen fan fjoerwurkresten.

De plysje is dit jier folle aktiver as oars mei de kontrôle op it ôfstekken fan fjoerwurk.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)