It karbyd klinkt en davert wer

01 jan 2005 - 13:10

Op âldjiersdei is der wer rûnom yn Fryslân mei karbyd sketten. Yn Westergeast waard grutskalich knalt mei 150 molkbussen op in spesjale stellaazje. Tsientallen frijwilligers, in grut fangnet en in feesttinte mei waarme kofje makke der in lyts feestje fan, mar in wrâldrekord, lykas earder yn Ie, waard it net.

Yn Aldelemmer yn Weststellingwerf waard sketten mei in karbydkanon fan seis meter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)