Trein rydt It Hearrenfean foarby

31 des 2004 - 15:40

De yntercity-trein fan 13.20 oere út Ljouwert wei is op âldjiersdei it stasjon fan It Hearrenfean samar foarbyriden. Tsientallen reizgers waarden hjirtroch dupearre.

Neffens in wurdfierder fan 'e NS is de masinist fergetten om te stopjen. De reizgers koene net earder as yn Stienwyk út de trein om oanslutend wer werom te reizgjen. Minsken op it perron op it Hearrenfean moasten wachtsje oant de folgjende trein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)