Djoere oprit foar Gordykster

31 des 2004 - 14:35

In Gordykster is 600 euro ekstra kwyt oan syn nije oprit. De man hie syn auto, dêr't er gjin belesting oer betelle, even op 'e dyk set om syn hiem te strjitsjen. Krekt op dat stuit kamen der kontroleurs fan 'e belestingtsjinst del. Dy leine de man in heffing fan 317 euro én in boete fan 100 persint op.

Berop by de belestingrjochter yn Ljouwert holp De Gordykster net, omdat de man wist dat syn auto net op 'e dyk komme mocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)