Al 10.000 besikers Belvédère

31 des 2004 - 14:16
Foto: Omrop Fryslân

Museum Belvédère fan Oranjewâld hat in goed moanne nei de iepening de 10.000e besiker lutsen. De eare wie foar de famylje De Vries fan Oranjewâld.

It museum rjochtet him op moderne keunst en de direksje hat as doel 15.000 minsken jiers te lûken. Dat it al sa gau slagget, hat neffens konservator Thom Mercuur te krijen mei de publisiteit by de iepening troch Beatrix. De measte besikers komme fan bûten de provinsje.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)