Groenendaal wint Sintrumcross

31 des 2004 - 10:10

De Sintrumcross yn Surhústerfean is tongersdei wûn troch hurdfytser Richard Groenendaal. Twadde waard Wieland van Gils. De bekende Belgyske hurdfytser Mario de Clercq fytste tongersdei de lêste rit út syn karriêre. Hy waard 5e.

It ôfskie fan De Clercq komt ûnferwachts, al stapte er ferline moanne al út de seleksje foar de wrâldbeker. De Clercq seit dat er net mear motivearre is. Koartlyn waard yn syn hûs noch socht nei doping.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)