Blinehûnen bang foar fjoerwurk

31 des 2004 - 09:44

Blinen en minsken dy't min sjogge bliuwe de kommende dagen sa folle mooglik binnendoar. Foar har en harren hûnen is de jierwiksel meast net in oangename tiid. Sy binne faak in doelwyt foar jongerein mei fjoerwurk.

It ôfstekken fan fjoerwurk soarget by de hûn en syn baas al gau foar eangst en stress. In blinehûn kin sels sa traumatisearre reitsje dat er syn taak net mear útfiere kin. De oplieding fan in blinehûn kostet goed 35.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)