Beorn Nijenhuis ûnderút op 500 m

© Omrop Fryslân
Op de twadde dei fan it NK sprint is ek Beorn Nijenhuis fallen. De lieder yn it algemien klassemint gie ûnderút op de 500 meter. Op de earste dei foel ek Erben Wennemars. Beide binne útskeakele foar in topposysje yn it klassemint.
Gewoanwei geane de earste trije nei it WK yn Salt Lake City. It fjirde plak is in oanwiisplak. Fan Wennemars en Nijenhuis, twa favoriten, kin no noch mar ien gean. Wieteke Cramer waard 6e by de froulju en pleatste har dus net.