Falsk hynstegenêsmiddel te keap

© Omrop Fryslân
De AID hat in Fries oppakt om't er hannele yn falske hynstegenêsmiddels. De man ferkocht fitaminepreparaten as in middel tsjin wjirms by hynders. Der binne mei-elkoar 15.000 spuiten makke. Sa'n 8.000 dêrfan binne ferhannele yn Fryslân.
Neffens wurdfierder Anita Douven fan de AID is it preparaat net skealik foar de hynders. As minsken in spuit net fertrouwe, kinnese it bêste kontakt opnimme mei de bistedokter.