Skaker Visser docht it goed

© Omrop Fryslân
Yge Visser stiet nei sân ronden fan it Harmonie Skaaktoernoai noch hieltyd mei boppe oan. De âld-Snitser spile woansdei yn Grins mei swart remise tsjin in oare koprinner, John van der Wiel. Beide skakers geane mei de Rus Koezoebov oan de lieding.
Yge Visser hat út de twa lêste partijen noch ien punt nedich om syn earste grutmasternoarm te heljen. De oare beide Friezen, Sipke Ernst en Daan Brandenburg, steane sande en njoggende.