Kollumse fermist yn Thailân

30 des 2004 - 13:04
Foto: Omrop Fryslân

De 30-jierrige Lideke Wery dy't opgroeid is yn Kollum, wurdt fermist yn Thailân. De famylje yn Kollum giet derfanút dat se troch de seebeving omkaam is.

Lideke Wery troude oardel wike lyn en wie mei har man op houliksreis yn it Thaiske Khao Lak. Doe't har man om tee gie 50 meter fierderop, kaam de floedgolf. Dy naam Lideke Wery dy't op it strân achterbleaun wie, wierskynlik mei. Dêrnei wie se spoarleas.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)