Utbus rydt aanst net mear

30 des 2004 - 12:57

Minsken dy't útgean yn Ljouwert kinne fan 1 febrewaris ôf net mear thús brocht wurde troch de útbus. Arriva en de gemeente Ljouwert hâlde op mei it projekt. De útbus brocht op sneontejûns om it healoere fanút it sintrum minsken foar trije euro thús.

Neffens de gemeente Ljouwert kin it projekt net út mei tweintich reizgers op in sneontejûn. Arriva komt heal jannewaris mei in alternatyf.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)