Nijenhuis wint 1000 meter

© Omrop Fryslân
Beorn Nijenhuis fan It Hearrenfean hat by it NK sprint yn Grins in oerwinning helle op de 1000 meter. De TVM-rider ferbettere it baanrekord dat al op syn namme stie. Jan Bos einige as twadde op de 1000 meter. Erben Wennemars waard tred op dy ôfstân.
Wieteke Cramer fan De Lemmer waard sechde op de 1000 meter. Dy ôfstân waard wûn troch Marianne Timmer. Cramer stiet nei ien dei fyfde yn it klassemint.