Mooglik harksitting oer prizen

© Omrop Fryslân
De CDA-Twadde Keamerfraksje komt yn de rin fan jannewaris mooglik mei in iepenbiere harksitting oer de prize-oarloch yn de supermerken en de gefolgen dêrfan foar boeren en túnkers. De konkurrinsje ûnder de supermerken giet no sa fier, dat in soad produkten ûnder de ynkeappriis ferkocht wurde.
Dêrtroch krije boeren hast neat mear betelle foar de molke. Mei de harksitting moat dúdlik wurde wêrom't net ien in ein makket oan de prizeslach.