Mooglik swimbad yn Kollum

30 des 2004 - 09:25

Kollum krijt mooglik in swimbad. Twa ûndernimmers wolle in 15 meter-bad bouwe neist de sporthal. Dat sil brûkt wurde foar swimles en terapy yn kombinaasje mei in sportskoalle. It bad is net bedoeld as rekreaasjebad.

De ried fan Kollumerlân hat yntusken al ynstimd mei it wizigjen fan it bestimmingsplan. De ûndernimmers komme ynkoarten mei boutekeningen en sizze dat se de finansiering al rûn ha. Wa't de ûndernimmers binne, is geheim.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)