Beswier tsjin kamping ôfwiisd

© Omrop Fryslân
Op in terrein oan de Zevenhuizen yn Aldtsjerk mei kampeard wurde. Dat hat de Raad van State bepaald. Omwenners hienen beswier oantekene tsjin de plannen foar in kamping. Se binne benaud foar har privacy en mear drokte.
Beswieren by gemeente en rjochtbank wienen earder al ôfwiisd. Neffens de Rie leit de kamping fier genôch fan de huzen fan de beswiermakkers ôf. De kamping mei fan 15 maart ôf iepen.