Berôving muzyksaak Ljouwert

© Omrop Fryslân
Muzyksaak Poort yn Ljouwert is woansdeitemoarn om 09.15 oere berôve. Noch krekt foar de iepening seagen tsjûgen in bromscooter mei twa manlju stilhâlden foar de winkel oan de Foarstreek.
Ien fan de twa gong de saak yn, dy't al net mear op slot siet. Hy die in greep yn de kassa. Dêrnei naaiden de beide út op de bromscooter. In wurknimmer is der lilk achteroan flein, mar koe de oerfallers net mear te pakken krije.