Boetes foar yllegaal fjoerwurk

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdei yn in wente op De Jouwer in partij yllegaal fjoerwurk yn beslach nommen. In 16-jierrige jonge hie it guod, mei ûnder oare nitraatbommen en lawinepylken opslein yn de wenkeamer. Syn âlden wisten derfan. Tsjin de jonge en in 33-jierrige oare bewenner fan it hûs is proses-ferbaal opmakke.
In 19-jierrige ynwenner fan Aldeboarn krige in boete yn Ljouwert. Hy hie tolve nitraatbommen en strikers by him.