'Gau beslute oer Suderseespoar'

29 des 2004 - 12:15
Foto: Omrop Fryslân

It kabinet en de Twadde Keamer moatte gau dúdlikheid jaan oer it Suderseespoar. Dat sei deputearre Andriesen tiisdei. Se wie te gast by it Krystkongres fan de Federaasje fan Fryske studinteferienings.

De enkêtekommisje Duivesteijn hat him lêsten negatyf útlitten oer de komst fan it Suderseespoar. Deputearre Anita Andriesen ferget de Keamer derop dat der dizze kear in definityf beslút falt oer de ryksstipe oan it projekt.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)