Yllegaal fjoerwurk ynnommen

29 des 2004 - 11:18

De plysje hat oant no ta goed tweintich yllegale fjoerwurkhannelers oanhâlden. Der is 250 kilo fjoerwurk yn beslach nommen. Dat is mear as eardere jierren. Ek wurdt no al in soad knald, wylst dat noch net mei.

De ferkeap fan fjoerwurk begjint woansdei. It sil drok wurde om't it tal ferkeappunten minder wurden is. Troch de strangere feilichheidseasken is de ferkeap fan fjoerwurk foar in soad ûndernimmers te djoer wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)