Fernielings Skearnegoutum oplost

© Omrop Fryslân
De plysje hat mei de oanhâlding fan twa ynwenners fan Skearnegoutum tal fan fernielings oplost. Ut ûndersyk kaam nei foaren dat de beide jonges mei 18 oaren ferantwurdlik binne foar it ynsmiten fan de ruten fan in bushok oan de Ljouwerterdyk. Dat hok is alve kear fernield.
De groep (15-19 jier) hat ek fernielings pleegd op in bouplak yn it doarp. Der wurdt proses-ferbaal opmakke en se moatte de skea fergoedzje.