Regiotaksy bliuwt dochs

© Omrop Fryslân
De regiotaksy ferdwynt net yn Noard-East-Fryslân. Troch besunigings by de provinsje drige it op te hâlden. Mar no't de gemeenten Dantumadiel, Dongeradiel en It Amelân ekstra jild tasein ha, kin de taksy op 'e wei bliuwe yn dy trije gemeenten. De regiotaksy is in oanfolling op it iepenbier ferfier. Minsken kinne foar leech taryf maksimaal 15 kilometer reizgje. Alle moannen wurdt de regiotaksy 1300 kear oproppen.