Botsingen troch snie en glêdens
Op de A7 by Terwispel is tiisdei in frachtwein yn de middenfangrail riden. De middelste twa rydstroken wienen blokkeard. Oan beide kanten wienen de rjochterrydstroken wol iepen.
Earder kantele op de A31 by Dronryp in frachtwein. De baan fan Ljouwert rjochting Frjentsjer wie blokkeard. By it ûngelok rekke net ien ferwûne. Oarsaak wie de glêde dyk. De snie soarge ek op oare plakken foar oanridings. Dêrby wie allinne blikskea.
Trefwurden:
argyf