Dusseldorp nei SC Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Fuotbaltrainer Wim Dusseldorp wurdt haad opliedingen fan SC Hearrenfean. Hy folget mei yngong fan febrewaris 2005 Henk Heising op.
De 43-jierrige Dusseldorp wennet yn Meerssen yn Limburch. Hy giet by it fuotbalbûn KNVB wei dêr't er aktyf wie yn de jeugdoplieding. Dusseldorp wie earder seis jier haad opliedingen by MVV en trije jier assistint-trainer by Roda JC. Oant en mei foarich seizoen wie er trije jier haadtrainer by VVV.