Baggerskip sonken yn PM-kanaal

29 des 2004 - 09:28

Op it Prinses Margrietkanaal is moandeitenacht in baggerskip diels sonken. By Koatstertille leit it achterskip ûnder wetter. Ut it skip binne tsientallen liters oalje lekt. Om foar te kommen dat dy fuortspielt, binne skermen om it skip hinne pleatst.

Pas as it skip hielendal boppe wetter is, kin besjoen wurde wat de oarsaak is. Oare skippen op it PM-kanaal moatte hoeden by it sonken skip delfarre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)