Supporters wolle eigen sfearfak

© Omrop Fryslân
De supportersferiening fan SC Hearrenfean wol in sfearfak foar leden op de súdtribune. Dat seit foarsitter Jongedijk fan de supportersferieniging. De oare supportersklub, Nieuw Noord, krijt al in eigen sfearfak oan de noardkant. Dêr kinne de supporters ek stean.
Neffens Jongedijk is der ek ferlet fan in fak der't de supporters by elkoar sitte kinne. Dy mooglikheid moat noch by de leden ûndersocht wurde.