Mear huzen foar starters

28 des 2004 - 12:29

Fryslân sit te springen om goedkeape huzen foar starters. In groep ûndernimmers hat dêrom in plan makke foar nije huzen, dy't geskikt binne foar ferskate groepen minsken. De huzen kostje goed 127.000 euro.

De groep fynt dat kollega-bouwers mear sjen moatte nei wat se bouwe wolle foar in skaplike priis. De grûnpriis foar in starterswente moat dan ek leech bliuwe. De groep wol in fleksibel standerthûs bouwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)