FRIA bestiet 20 jier

28 des 2004 - 12:21

De Fryske fakferiening foar keunstners FRIA bestiet tweintich jier. Se fiere dat mei in ferskate útstallings yn binnen- en bûtenlân. Dy binne bedoeld om de keunstners mear ûnder it omtinken te bringen.

De earste eksposysje giet op 8 jannewaris fan start yn Heemstede. De katalogus by de útstallings wurdt oerlange oan kultuerdeputearre Bertus Mulder. De oare eksposysjes binne yn Fryslân, Dútslân en Denemarken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)