Cramer nei NK sprint

28 des 2004 - 11:30
Foto: Omrop Fryslân

Reedrydster Wieteke Cramer rydt dizze wike dochs mei op it NK sprint. Se wie reserve foar it toernoai, mar hat moandei berjocht krigen dat se meidwaan mei. It NK sprint is woansdei en tongersdei yn Grins.

De Hearrenfeanse wûn op de NK allround, acht dagen lyn, de 500 meter. Se wist har doe lykwols net te pleatsen foar it Europeeske kampioenskip allround.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)