Piloat mooglik ferfolge

28 des 2004 - 10:36

It iepenbier ministearje ûndersiket oft in F16-piloat fan de fleanbasis Ljouwert ferfolge wurde kin. Hy hat heal desimber fierstente leech oer it Noard-Hollânske doarp Warmenhuizen flein.

Op in hichte fan trijehûndert meter makke de piloat rûntsjes oer it doarp. Hy woe dêrmei syn heit groetsje om't dy syn jierdei fierde. De loftmacht hat de saak ûndersocht en oerjûn oan justysje. De piloat is foarearst skorst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)