Dales set minsken hûs út

© Omrop Fryslân
Boargemaster Dales fan Ljouwert set twa oerlêstferoarsakers har hûs út. As de twa net foar 3 jannewaris fuort binne, wurde se op strjitte setten.
De twa soargje al in skoft foar drugsoerlêst. Neffens boargemaster Dales ha se genôch kânsen hân om har libben te betterjen. "Der is gjin reden om noch soepel te wêzen. Wa't net hearre wol, moat mar fiele," sa sei Dales. Gemeente en plysje pakke oerlêst tsjintwurdich stranger oan.